Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Joël

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Image

Hy stoarret yn de fierte,
Joël, sjenner fan wat komme sil,
syn namme seit: de Hear is God,
hy skriuwt de wurden nei syn wil
en lit it folk de takomst witte.

Hy sjocht net nei ’t ferline,
want de ballingskip hat lang al west,
it folk wurdt hjoed net mear bespot,
is grutsk himsels, hoewol as rest,
soe ’t paad de takomst yn wol fine.

Hy sjocht de nije timpel,
lytser as fan Salomo, mar boud
mei leafde want: de Hear is God;
de prysters binne ’t folk fertroud,
net langer drukt in foarst it stimpel.

Hy skôget yn de fierte,
want in sjenner sjocht net achterom,
gjin macht yn ’t easten is mear wat,
mar ’t westen beart fan rappe rom,
de Gryk hat him al hearre litten.

Yllustraasje ‘De profeet Joël’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum