Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Oade oan Freark*

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1971

Image

Syn namme hied er libbenslang net mei,
want Bosscha flokt mei ’t wetter,
Weachstra klinkt al folle better,
Freark bewenne mar en klaai.

Syn domisily lei yn ’t hege oard
by Dokkum dêr’t er wenne
winterdeis, foar him ferlerne
tiid, syn libben lei oan board.

Syn jonge jierren loeken him nei see
om fier en skerp te eagjen,
op it aventoer te weagjen,
sûnder seil gie ’t libben ree.

Syn silersaard lavearre nei it gea
fan mar en poel en fearten
om it skûtsjeseil te setten,
striid mei each en ear en lea.

Syn âlde jierren brochten him it lok
fan yn it lyts te farren,
weagjend him op wide marren
mei noch altyd seil en fok.

* Freark Bosscha

Image


admin

In jier lang skûtsjesile

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1971

Image

Wêr’t it skippersfolk komt by elkoar,
dêr rattelje de lieren,
glide kloaten oer de mêst,
want yn petearen fiere
se de skoaten, skuorre fêst
de hals, wa’t achter leit, komt foar.

’t Hiele jier troch wurdt der skûtsjesyld,
belibje se fiktoarje,
drama’s botsend mei de rêst;
sa skriuwe se histoarje
fan wa’t earste leit, wurdt lêst
en farre skippers út it byld.

Want gjin Hylke* mear op Earnewâld
fanwege nûmer fjirtjin,
hy betanke, fûn it bêst;
Jehannes seach it sitten,
lei ynienen yn de rêst,
in drama botsend yn ’t ûnthâld.

* Hylke de Vries

Image


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum