Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Dea

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail

De spesjalisten binne kommen
mei in trekker, bus en wein,
se ha it skerpe ark meinommen,
setten as in team útein.

Image

De beamsirurch beklom mei faasje,
linich ek, de konifear,
hy soarge foar de amputaasje
oant er alle lea ferlear.

Image

De assistinten bleauwen ûnder,
brochten byinoar de brot;
de bult waard breed en heech, bysûnder
dat in beam safolle hat.

Image

Noch ien kear kaam er wer nei boppen,
’t lêste teken fan syn wil,
de beamsirurch hat him ûnttoppe,
blokken seage, ’t waard doe stil.

Image

It stoflik omskot leit op strjitte,
wachtsjend op ‘e lêste wein;
wy sille nea ús beam ferjitte,
dêrmei is no alles sein.

Image

admin

Noch yn libben

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail

Image

De nacht wie lang, mar hy oerlibbe
waar en wyn, sa’t hy dêr lei,
ús konifear, mei brutsen ribben
tsjin de muorre, ’t like faai.

Wy bellen Empatec, ús lêste
hoop op in foartidich ein,
mar ’t slagge net mei ’t ivich rêsten,
want te lyts wie harren wein.

Diagonaal lei hy derhinne,
mankrêft krige him net rjocht,
in kraan soe ’t swiere wurk oan kinne,
mar oan tiid waard doe net tocht.

It duorre noch wol trije dagen
foar ús earme konifear,
it like as de tiid fertrage,
dêroer mear de oare kear.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum