Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Foar hoer

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1976

In rûne mar, in stive wyn,
in poadium mei stjitmuzyk,
de start fan ’t blijspul by Terherne;
de skûtsjes hongen der djip yn,
de koers wie rjocht, gjinien woe bryk,
allinnich ’t moast wol efkes wenne.

Image

De haadrol wie foar ’t Hearrenfean,
hoe koe it oars by eigen pier,
al wie dy dan ek fan Terherne,
mar Snits en Boalsert yn de klean
foar fol, sy showden seil en sier
en lieten har as hinggirls kenne.

Image

Ynienen wie it showen oer,
want Boalsert spile plat foar hoer.

Image

De eigen manlju wiene klant,
elk stie of siet gau op har kant.

Image

It frommis wie telider slein,
moast yn in wip en sucht oerein.

Image

Se skeat omheech, sjedêr de romp,
it topke hong har op ‘e slomp.

admin

Ulekritepest

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1976

Image

Hy stie op ’t eigen skip foarop
mei foar him syn âld skûtsje
wylst er eage by de beammen lâns
nei syn ferwachting foar de kop
en wa’t noch hie in kâns.

Syn sigaret friet hy hast op
fan klearebare spanning
yn de Ulekrite, ’t wie dêr smel
en mei de wyn rjocht op ‘e kop
waard ’t yn dy feart in hel.

In skûtsje is de ûle net
dy’t fljocht mei stille wjukken
oer de Ulekrite sûnder skea;
de skippers ha dat net opret
en leine dêr foar dea.

Se rêden ’t net mei seil en fok
en moasten ’t dwaan mei bomen;
’t galme oer de krite fan ‘protest’,
dat kloaten kamen foar it blok,
sa waard de hel in pest.

Image


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum