Willem Tjerkstra’s thússide
admin

De ein fan Aldert

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1977

Image

Hy rûn al tsjin de tachtich,
jierrenlang de lytse, grutte man
fan ’t âlde skip fan Drachten:
Aldert*, yn de ban
fan ’t roer, iendrachtich.

It roer moast him út hannen
doe’t it libben nei de santich rûn
en seilen machtich waarden;
skipper sterker bûn
oan âlde bannen.

Hy rûn nei it ferline
doe’t syn skûtsje by de foarsten foer
mei tûke Drachtster mannen;
soe dan no in boer
de bannen bine?

’t Rûn út op lange mêsten
en sa njonkelytsen nei de ein
fan ’t hiele skûtsjesilen;
Aldert hie it sein,
doe koed er rêste.

Image

* Aldert Hoekstra


admin

Bylden

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1977

Image

‘Trije kear is skippersrjocht,’
sa sei de kampioen
en ’t skip fan sulver
waard foargoed him jûn.

‘Watfoar plak hiesto betocht?’
sa frege doe syn frou;
it byld yn glêzen
kast wie grut fan bou.

‘Sile is myn skippersnocht,’
sa woe de kampioen
en ’t skip fan sulver
waard troch ’t Fean doe wûn.

‘Genereus, dit hie ‘k net tocht,’
sa sei de boargerheit
en ’t byld fan sulver
waard in mienskipsfeit.

Elkenien hie doe syn rjocht:
in fotobyld yn plak
fan ’t byld fan sulver
wie fan bou moai flak. 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum