Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Wiisheid by Snits

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1976

Image

Se wiene frege om har wize rie,
de trije foar it minne waar,
se hiene sicht op bui en baar,
mar net op hoe’t it fierder gie.

It koe feroarje yn in Lemster nacht
fan blakte nei in wynkrêft sân,
sa hiene sy it lang net hân,
de wiisheid lei by Snits te pacht.

De wize skippers skôgen skerp de mar
en wiene om te silen ree,
it weage minder as op see,
it wie lykwols de rie te bar.

It koe feroarje yn in heale dei
fan wynkrêft sân nei bêst te dwaan,
de wiisheid liet har yn de waan,
de lêste wedstriid wie wol wei.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum