Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Spjalting

Bibelbylden
PDF Print E-mail
Rechabeäm, de soan fan Salomo,
woe kening wurde oer hiel Israel,
hy tocht oan pake David en hie moed,
úteinlik wied er net yn tel.

Yn Sichem kaam er foar it folksberie,
dêr’t frege waard foar folle lichter lêst
as ûnder Salomo, in jok mei bloed,
’t waard tiid foar ridlikens en rêst.

De âlde riedslju joegen dat advys,
syn jonge maten fûnen ’t flauwe kul:
slaan mei in stikelswipe, want dyn pink
is grouwer as dyn heit syn mul.

De tredde dei wie der wer folksberie
en neffens rie die doe Rechabeäm
mei grouwe pink en stikelswipe flink,
fol grime stie it folk yn flam.

Tsien stammen rekken los fan Davids stam
en keazen as har foarst Jerobeäm,
allinnich Juda’s folk en Benjamin
ha trou west oan Rechabeäm.

admin

Tsien foar Jerobeäm

Bibelbylden
PDF Print E-mail
Vincenzo Dandini*

Wa wie dochs dy Jerobeäm?
In ûnbekende noch, in tsjinner
fan de kening yn de muorrebou,
hy kaam út Efraïm, de stam
fan Joazef, yn Egypte winner.

Wol koe elk kening Salomo,
de soan fan David, earst in wize
foarst, mar letter man fan mannich frou
mei eigen goaden… doe wie ’t ho:
de Iene koe der wol fan grize.

Image

Bekend wie Achia, profeet,
hy moast Jerobeäm fernije
fan syn keningskip, oan Gods Wurd trou;
tsien stikken joech er fan it kleed,
hy soe as foarst tsien stammen krije.

It nijs waard doe al gau bekend,
dat flechtsje moast de kening-tsjinner
nei Egypte, want hy kaam yn ’t nau
by Salomo, oan tsjinners wend,
mar dochs, Jerobeäm waard winner.

* Vincenzo Dandini (1609-1675)
Skilderij ‘Jerobeäm en de profeet Achia’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum