Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Untwoartele

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Wat beweecht it flugge folk
dat him yn banen liede lit,
rjochtút sa’t westewyn de wolk
de rjochting nei it easten hjit?

Hat it dan gjin woartels mear,
hâldfêst yn stoarm en foar de groei
de oanfier fan in stream dy’t, klear
fan kleur, it beamfolk set yn bloei?

Image

Wat beweecht de els dy’t stiet
te pronkjen sûnder banen yn
de bloei fan ’t slingerjende liet
op ’t dirigearjen fan de wyn?

Lit de fallen wylch dan sjen
wat werklikheid is stjerrend wier?
De beam giet op ‘en doer ferlern,
mar bloeit noch foar in lêste jier.

Image

admin

Stielen winter

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Hy is fan stiel en stiet dit jier
mei om him hinne wetter,
tsien jier lyn wie ’t better,
makke hy syn stribjen wier.

Mei stielen wil ried er de tocht
by alve Fryske stêden
lâns koe hy wol rêde,
kaam yn Ljouwert noch by ljocht.

No is er stiif, alhiel ferfield
en komt net by de brêge,
dêr’t yn fûgels’ eagen
iere maitiid ’t gea oerspielt.

Se makken harren nêst by ’t stiel
dat waarmte joech oan ’t wetter,
’t winterwaar komt letter,
as de rider krijt in siel.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum