Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Brea út ‘e hichte

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Giovanni Francesco Barbieri*

It kin net sûnder in profeet
dy’t fan de Iene sprekt,
faak is der noed of need,
dan klinkt it wurd: sa giet it krekt.

Elia moast nei Achab ta,
de foarst fan hân yn hân
mei Baäl: ‘God sprekt sa:
gjin drip falt yn it hiele lân.’

En nei Elia’s koarte preek
spriek him de Iene ta:
‘Gean do nei Krit, de beek,
dêr silst genôch te iten ha.’

Image
De beek joech drinken by de fleet,
de ravens brochten brea,
syn iten yn de need,
dy’t ware troch it hiele gea.

As ’t iene net mear streame wol,
dan sprekt de Iene wer:
‘It bûtenlân jout gol,
oerein, do fynst dyn iten dêr!’

* Giovanni Francesco Barbieri (1591-1666)
Skilderij ‘Elia kriget fan de ravens te iten’

admin

Hân yn hân

Bibelbylden
PDF Print E-mail
Achab kaam oan it regear
yn Israel en liet him jilde
mei Izébel út it bûtenlân,
de frou mei Baäl hân yn hân,
dêr’t de Iene swier oan tilde.

Achab siet wol op ‘e troan,
mar seach Izébel heger rizen;
mei de frjemde goaden by de hân
brocht sy de kening oan ’t ferstân
dat dy Iene wie net wizer.

Achab gie dêr gau op yn
en liet in Baältimpel bouwe,
sette ek in wijde peal op ’t lân,
rûn mei syn frou sa hân yn hân,
’t soe dy beide noch berouwe.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum