Willem Tjerkstra’s thússide
admin

IFKS

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1981

Frjentsjer, âlde stêd, mar sûnder mar,
ek sûnder skûtsje yn de striid,
wat jout dyn universiteitsferline?
Gjin professor smarde fet of tar
of sylde yn syn frije tiid.

Image

Gjin professor wied er, mar rebel,
de nûmer fyftjin yn de striid
foar Frjentsjer, sa woe skipper Gerrit Roosjen,
lykwols fjirtjin wiene mar yn tel,
want ’t wetter eage net te wiid.

Wizer wie de fisy fan dy fint
fan oan de slach en net in les
fan professoaren mei har analyzes;
tolve reagearren op syn hint:
lang libje de IFKS!

Image

Foto’s út ‘Offciële uitgave van de IFKS 1983’

admin

Bruorren Zwaga

Skûtsjesilen
Bruorren Zwaga PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1981

Lit de Zwaga’s it mar sizze
hoe’t in skûtsje sile wol,
de hân op ’t helmhout leit,
dat Starums see stiet hol,
sy sille foaroan lizze.

Image

Rienk, de âldste fan de trije,
kampioen mei SWH,
mei ’t skipperseach fan heit,
soe ’t helmhout net mear ha…
moast hy it silen mije?

Image

Jeen, de jongste, hie ambysje
foar it roer fan Earnewâld,
de namme wûn it pleit,
want wat wie jong of âld,
hy soe de flagge hysje.

Image

Lammert, mannich kear as earste
oer de finish foar Langwar,
syn sykte wie in feit;
op Rienk foel doe de kar,
net sile docht it searste.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum