Willem Tjerkstra’s thússide
admin

It flot fan Medusa

Keunst
PDF Print E-mail
fan Théodore Géricault*

Hoe’t it yn it wetter rekke,
’t flinterke fan neat,
wa soe dêr de kop oer brekke
as it gie ferkeard?
It koe krekt it blêd berikke
– ’t flot lei yn de feart;
’t wie doe sûnder te ferblikken,
net te sjen, ferheard.

Image

Ferheard dat it fregat ‘Medusa’ sonk
by Senegal wie elke passazjier,
gjinien dy’t daliks yn de see ferdronk,
mar ’t waard in rampferhaal oant stjerrend wier.

Matroazen sakken yn de rêdingboat
en hûndertfyftich minsken op in flot;
as sleeptou brûkten se de fokkeskoat,
har bea wie: ‘Sleep ús feilich binnen, God!’

Mar de matroazen sleepten har net troch
de need, se spilen langer net foar God
en sniene stilwei stikken wat har noch
ferbûn mei ’t flot, dat wankel waard syn lot.

Image

Sa weagen fjirtjin dagen troch de hel
fan honger, toarst en moard, fan minskefleis
it flottefolk mei bitend sâlt op ’t fel
oant fyftjin fan har libben noch dy deis.

Doe seach de neger Charles in fiere boat,
hy klom en swaaide mei syn read boesgroen:
‘Ferdomme, sjoch en kom, ik doch in moard!’
De kapitein fan ‘Argus’ hat him sjoen.

Mar mei in reade fodde oer de lea
en stive earm dy’t him noch driuwend hâldt,
besjocht de heit ferheard de soan syn dea,
’t ferblikte fel, earst hjit, wurdt stadich kâld.

Image

* It ferhaal fan it flot fan Medusa is histoarysk:
yn 1816 fergie it Frânske fregat ‘Medusa’.
Théodore Géricault (1791-1824)
hat in djipgeande stúdzje makke foar syn masterwurk.
Hy boude op it strân in flot nei en liet it op see driuwe.
Fierder skildere er portretten fan de oerlibjenden.
It skilderij paste mei syn sterke klam op it lijen
goed yn de tiid fan de Romantyk.

admin

De grutte toer fan Babel

Keunst
PDF Print E-mail
fan Pieter Brueghel*

Image

Se ha gjin fûneminten slein,
mar op ‘e ierdske rotsen boud;
se losten, laden yn de wein
de stiennen en it ikehout;
de hynders wrotten it omheech,
dat bouwers koene nei de top;
gjin poartebôge wie te dreech
oant acht, doe woe de wolk in stop.

Hy spriek út namme fan de Hear:
‘Iksels bin nei de himel, poarte
dy’t iepenstiet foar each en ear,
mar net foar earms dy’t rikke moatte;
jim eamels stribje nei noch mear,
in heap fan hegerop dy’t koarte
tiid fan libjen hat, want op in kear
sil Babels poartetoer ynstoarte.’

Mar ’t bouwurk op ‘e grûn fan klaai
is ’t djippe fûnemint foar lein,
want ‘Fryske Poarte’ wiist de wei
nei ierdske hichten, hecht beslein
mei feardichheden yn berop
en eigen tiid, en stekt opnij
de kop fan Babels eamels op,
dan driuwt it wolkje stil foarby.

Image

* Pieter Brueghel (sirka 1525-1596)
wie in skilder út ‘e súdlike Nederlannen.
Hy wie tige ynteressearre yn de toer fan Babel.
Ut it skilderij docht bliken dat Brueghel
ferstân hie fan boukundige saken.
It grutte tal details docht it kolossale gehiel
gjin ôfbrek, it ferheget it boppeminsklike stribjen.
Breughel hat de toer fan Babel ‘boud’ op in rots.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum