Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ballade fan de Belch

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

In allochtoan út ‘e Ardennen
reizge nei it lege midden ta;
as ûnderdak foar yn de simmer
woe dy Belch in blauwe tinte ha.

Om oan it griene gea te wennen,
keas er foar syn kano ek dy kleur;
dat driuwfermogen wie foar ’t wetter,
tagelyk foar ’t lykwicht en de fleur.

Dy simmerjûn siet er yn ’t griene
midden, oeral gers en beamteguod;
it waard mei bearenburch wol better,
troch dat brune rekke hy gau fuort.

Image

Dat de Ardennen noch bestiene,
wist er yn syn djippe dream net mear;
syn strôteseagjen sloegen alle
beammen om, sa wied er yn de wear.

Hy liet syn kano doe ek falle
mei in plûns yn lykwicht yn de feart;
it griene skeat mei gong troch ’t blauwe,
yn de fierte lykwols gie ’t ferkeard.

De kanokleur loek wetterplanten
en it einekroas út harren rêst;
sa soe it grien twa dammen bouwe,
dat it driuwfermogen rekke fêst.

Image

De bearenburch hie goede kanten,
liet it Fryske folkskarakter sjen;
in boatwein soe de haadrol spylje,
Belgysk lykwicht wie noch net ferlern.

Sa koe de boatweinboer beswylje
’t wettergrien, hy joech de Belch wer loas;
dy waard yn ’t blauwe ljocht let wekker
mei yn hier en noas it einekroas.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum