Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Achazja

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Image

Al syn bruorren wiene wei,
de dea ynjage troch in binde,
foar Achazja waard it ljochtskyndei
as kening, sûnder dat it wende.

Omke Joaram wie de foarst
fan Israel, hy woe mei ’t leger
tsjin Hazael stride, dat doe moast
Achazja mei… wie hy ynteger?

Arams kening wûn de striid
en Joaram rekke swier ferwûne,
lei ferslein op bêd, wie út ‘e tiid,
Achazja winske him doe sûnens.

Dizze winsk kaam net mear út:
gjin foarst regearde yn de naasje,
want de dea kaam dûbel ta beslút,
se wiene beide út ‘e graasje.

* Neffens Promptuarii Iconum Insigniorum
Tekening ‘Achazja, kening fan Juda’  

admin

Troch it reid

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1984

Image

Yn âlde tiden wie it gjin probleem
dat tusken skûtsjes boaten foeren:
skippers leine op ‘e mar in claim
en skolden oaren út foar boeren.

En woene boerefarders net omlyk,
dan waarden skûtsjes oarlochsskippen,
torpedearjend nei it likeryk,
want wa’t net wykte, koe ferhippe.

Doe kamen tiden fan ’t allinnichrjocht
fan skûtsjes op it wedstriidwetter,
oare boaten ha de wâl opsocht,
foar skippers bêst, foar ’t reid koe ’t better.

De boaten stieken fier de noas yn ’t reid,
wat frege om in tsjinkampanje,
foar it reid, tsjin hoe’t it skip dêr leit,
it groeit net foar de Fries as franje.

Doe kaam de stille striid yn Grou
mei sigarettereek en sinne,
smoarhjit, mar de hûn seach ’t heil al gau
yn ’t wetter, troch it reid derhinne.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum