Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Mary Stuart

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Bartholomeus van der Helst
en Gerard Honthorst*
fan Anthony van Dyck**

Mary Stuart, famke fan tsien jier,
mei ’t keninklike bloed,
kaam nei it lege lân,
mar net foargoed.

Image

Mary troude earst mar foar de sier
mei Willem, ek noch jong,
de twadde yn it lân,
sa’t soks doe gong.

Willem kaam yn ’t libben net sa fier:
de pokken, ’t wie fataal;
de tredde yn it lân,
in jong ferhaal.

Mary waard oer soantsje Willem fâd,
it lei net yn har aard
te bliuwen yn dit lân,
dus op ‘en paad.

Mary stoar datselde jier, net âld,
de pokken, dus fataal,
rêstplak: bertelân,
trochgeand ferhaal.

Image

* Bartholomeus van der Helst (1613-1670)
en Gerard Honthorst (1590-1656)
Skilderijen ‘Willem II en Mary Stuart’

** Anthony van Dyck (1599-1641)
Skilderij ‘Prinses Maria Henriëtte Stuart’

admin

Helden yn de Sont

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Jan Abrahamsz. Beerstraten*

Se foeren yn de gouden tiid
fan Ingelân nei Deenske Sont,
fan striid nei striid,
mar net mei alle winen mei,
foar eigen winst: stek oan de lont!

De Sweden hiene ek dat fjoer,
heal Denemarken al beset,
it hold net oer:
foar Hollânsk hannel stie it faai,
dus Kopenhagen: nim it net!

Image

De Sont is smel, de wyn wie noard,
de Denen bleauwen oan de kaai,
gjin man oerboard
foar Hollânsk float mei ’t fjurrich lont,
dy hie de wyn en weagen mei.

De deaden binne letter teld:
twa kommandanten en noch mear
matroazen, held
foar held ferdronken yn de Sont…
de slach wie wûn, de held ferlear.

* Jan Abrahamsz. Beerstraten (1622-1666)
Skilderij ‘Seeslach yn de Sont’ (1658)  

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum