Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ljeppe yn de Jangtsekiang

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Lit ús ljeppe oer de Fryske fearten,
Tsjonger en Prinses Margrietkanaal,
oer Houkesleat en ek de Snitser mar,
de hichte yn nei fiere swetten,
Hegebeintum op fergrutte skaal
en as ’t mislearret, swimme wy oer ’t far.

Jim Sinezen kin gjin mins omhinne,
want de ienmiljardsprong is wrâldfier
en Jangtsekiang streamt seistûzen lang.
Olympus’ goud is om te winnen,
jimme stribjen is net foar de sier
en slagget it, jim sitte earste rang.

Mar Sinezen dy’t net swijend blinke
kinne, springe by jim minder fier
en glide op ‘e flecht nei frijheid yn
de Jangtsekiang en ferdrinke
yn jim glimk fan gjin ferlutsen spier,
want wit, Olympus’ hichte makket blyn.

Image

admin

Djipgong

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Ferhalen by de fleet
oer fiskerij op see,
mei stoarmwaar netten helje
en alle oeren ree
foar help oan skip yn need.

’t Ferfal him oan te sjen
nei ’t biten fan it sâlt
no yn in binnenhaven,
mar dochs noch lang net âld:
syn stim giet net ferlern.

Mar dan de baggerbak
by ’t heinen fan de drek
en ’t farren sljochtwei hinne,
syn djipgong is der ek:
de bagger komt teplak.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum