Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Djipgong

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Ferhalen by de fleet
oer fiskerij op see,
mei stoarmwaar netten helje
en alle oeren ree
foar help oan skip yn need.

’t Ferfal him oan te sjen
nei ’t biten fan it sâlt
no yn in binnenhaven,
mar dochs noch lang net âld:
syn stim giet net ferlern.

Mar dan de baggerbak
by ’t heinen fan de drek
en ’t farren sljochtwei hinne,
syn djipgong is der ek:
de bagger komt teplak.

Image

admin

Hertstocht

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

No kloppet it read yn it grien
as it hert dat it bloed
troch de ieren pompt
en de hertstocht is ien
mei de reis nei it lûd
fan de jûn dy’t yn gloedgloarje komt.

Image

Der fljocht in grienfink nei it read
en stekt de snaffel yn it fleis
om jûns te iten fan it sie
dat meigiet op reis.

It makket de tocht troch de nacht
fan de mage en giet
sûnder skea syn wei
nei de grûn en sa biedt
wer de groei syn read sicht op ‘e bei.

Der rint in minske mei it read
fan rubber om syn eigen lucht,
de hertstocht sit fêst oan it grien,
rint fuort mei in sucht.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum