Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Skeppingsfoarmen

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Ut ‘e hichte wei ûntstie
it paradys yn streken
foar de minsken, harmony
yn foarm en kleur, teken
fan in goddelike die,
mar sjoch, sy wiene leken.

Image

Streken sloegen ticht, gjin paad
rûn fier, ferbrutsen foarmen
fan de groei nei eigen aard,
dat bûgde ûnder stoarmen
út ‘e swartste loften, haat
fan leken dy’t mar doarmen.

Image

Ut ‘e gaos wei ûntstiet
de driuw om bleat te lizzen
wat noch skeppingsfoarmen biedt:
natuerlik keunstwurk dizze
âlde stobbe, krekt as hie
dy har noch wat te sizzen.

Image

admin

Fryske stiennen

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Fryslân, ieuwen al it lân fan modder,
mingsel fan de see en plant,
dat de Fries as gravend bodder
opsmiet ta syn terpen, want
wannear’t de weagen hichte wûnen,
stie hysels yn heger trant.

Image

Lit de modder hjoed de dei wer rize,
nei’t de terpen rekken sljocht,
dat de Fries de minskheid wize
sil hoe’t sy de hichte socht
en sloech de dioksyde wûnen
yn ’t klimaat wat lijen brocht.

Image

Bliuw net stean by Fryske modderhichten,
wiisheid is ek oars te lien;
sjoch de sekken, no noch tichte,
Friezen eigen, hurd as stien:
‘Wa smyt en is noch sûnder sûnde?’
Net in sek is iepengien.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum