Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Wegen

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De wei is rjocht
en alle streken komme byinoar
wêr’t ik nei socht:
’t ultime punt, de gouden stêd, it himelsk koar,
mar sjoch, der hinget dize foar.

De wei mei bocht
en tizeboel fan lizzend lizeguod
berin ik sljocht
weihinne, want der is gjin punt of stêd of koar
en dochs, de hope rint net fuort.

Image

admin

Djiptepsychology

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Wat yn it wetter komt, is fuort,
it sakket nei it boaiemtsjuster,
bliuwt dêr lizzen of beweecht
by ’t streamen, wit fan hjoed noch juster,
mar wurdt mei de tiid gefaarlik guod.

Image

It beurspraat rûzet troch de stêd
oer ’t baggerjen fan feart en grêft:

‘Se wolle ha, der leit in skat,
hiel Snits kin fan dat jild wol sêd!’

‘De wettersport, dat is ús krêft,
de djipte liket Snits wol wat.’

‘Se ha it ek oer dûken hân,
dat kin net mei it hier fol drek.’

‘In reinich libben wurdt ús lot,
dus grêften fol en droech it lân.’

Image

It antwurd leit wat fierder fuort
as troch de dei sa sljochtweihinne:
sanearring út ‘e djipte wei,
mei sûnens is de wrâld te winnen,
sjoch it boerd yn it strewelleguod.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum