Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Oade oan Roel Bergsma

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1988

Image

Hy wie de master fan Terherne,
makke bern foar ’t libben wiis,
wie fan ynspeksje fiis,
woe sels syn doarp en skoalle menne.

Hy wie de master fan it damjen,
skode houtsjes oer it boerd
op eigen manneboet,
sa koed er op dat mêd ek flamje.

Fan ’t kabaret wie hy ek master,
song de stjerren fan de loft
en spile dan in skoft
foar humorist en kritikaster.

En as de skûtsjes by Terherne
sylden, wie hy master yn ’t kwadraat,
oerdei en jûns paraat,
sa soene skippers him ek kenne.

Hy wie de master fan mar trochgean,
sûnder remmen ta syn eigen skea,
te ier is hy no dea…
wa kin foar skippers’ jûnsnocht ynstean?

Image

admin

Bil en blein

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1988

Se kamen skeind en brutsen oan de start,
de Drachtsters mei it swiere skip,
want Anne hie in skeane tomme,
Hindrik krige ek syn pynlik part,
hold fêst de fok, ferlear in neil
en ’t skipsfolk rekke yn in dip
doe’t sels it skippersbil it dek rap romme.

Image

Mar skipper Hattum* hie in sterke wil,
dy’t foarme waard yn Earnewâld,
syn domisily, doe as jonge;
yn it wâld fan Earn wie ’t gauris stil,
mar Hattum hise fok en seil,
ek ûnder twirren bleau er kâld,
sa wied er rap fan eagen, stil fan tonge.

Image

Se kamen skeind en brutsen oan de ein,
it bil as laai, gjin fingerneil;
de útslach wie net om te sjongen,
mar it skip bleau hiel fan seil oant blein.

* Hattum Hoekstra

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum