Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Klappe en knope

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1988

Image

Se lizze stil, wylst tugen klappe,
touwen strak stean as in snaar,
de Feanhoop priizget rak en wâl
as nei ’t publyk rint mannich baar,
de spanning stiet op knappen.

En as se yn de weagen happe,
driget wer in oar gefaar:
gjin romte, dus dan giet it mâl,
se sizze op it mannewaar,
wylst skûtsjes stielhurd klappe.

Image

Protesten hawwe neat fan grappen,
want de flagge komt yn ’t want,
sa read as bloed mei fêste knoop,
foar Jelle* as de kweade klant,
mar Anne** wol wol kappe.

Se hawwe der in pear op nommen,
want gjin skipper bliuwt sa spand
oan wâl en rak, der is ek hoop
foar romte fan de oare kant:
dan gjin protest, fer…

Image

* Jelle Reyenga
** Anne Tjerkstra

admin

Wylde winner

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1988

Jonge skippers binne wyld
en ha de skûtsjewrâld te winnen,
dus fernije… wat tradysje!
As it skip mar flugger sylt,
dan bruit it der wol hinne.

Jelle* lykwols wie te wyld,
sa fûn de stielen skûtsjeplysje**.

Dus De Lemmer moast werom
nei ’t âlde, mar mei hjitte koppen,
bealch en bekken fol ambysje:
hiel it stribjen wie nei rom,
se soene it fier skoppe.

Image

Jelle sylde as in wyld,
koe wyn en weagen maklik hysje.

Wêr bleau nestor Loadewyk***,
noch yn gjin jierren pensjonearre,
tûke skipper mei tradysje.
’t Wetter kaam tichtby de gyk,
mar Jelle triomfearre.

Image

* Jelle Reyenga
** Orizjinaliteitskommisje
*** Loadewyk Meeter

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum