Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ballade fan de keningsaak

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It waar joech him prinshearlik oan,
de kimen tilden fan de stilte op,
de sinne riisde op syn troan
en joech de koekoek oarder foar syn rop.

Ik bejoech my nei de fûgelhutte
om te sjen nei frjemd, mar ek bekend,
twa auto’s wie ik op myn paad net wend
en hielendal net sokke grutte.

Image

De greiden leine as tapyt,
de reiden tilden heech in mânske mêst
dy’t glânze boppe keningswyt,
in Lemster aak oan gouden koarden fêst.

Ik ferwachte út ‘e pânserweinen
wapens, mar ik koe der maklik lâns,
as terrorist hie ‘k in sabeare kâns,
omdat se noch te sliepen leine.

It wetter lei as kleed sa flak,
in merkel dûkte foar syn trije bern,
in swel fleach om it huttedak,
mar op ‘e aak wie nimmen noch te sjen.

Image

Ik bejoech my nei de steigerrâne,
mei diploma A koe ‘k dûke fier
genôch, wol mei it grize hier fol wier,
mar kaam dochs op ‘e aak telâne.

De sinne skonk de aak in kroan
fan ’t felste keningswyt, in septer fan
in mêst, doe klonk op strange toan:
‘Hjirwei, lit har prinshearlik lizze, man!’

Ik beseach doe út ‘e fûgelhutte
’t frjemde en bekende fûgelfolk
dat tsjinne foar de minskewrâld as tolk:
de lytsen fleane lykas grutten.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum