Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ferskil nei de dea

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Earst gie de grutste plat,
de fraach is oft er âlder wie,
want alle tûken hied er noch,
doe kaam de keale ek oan bod
dêr’t inkeld noch de stam fan stie…
ek dea ha se elkoarren socht.

Image

’t Is by elkoarren brocht,
doe waard it wer in hege stam,
in twadde libben yn de loft,
beswierre mei in oar syn nocht,
nei elke tocht wer stiif en lam,
úteinlik brutsen sûnder lof.

Image

Sa wurdt de griene gloarje stof,
mar tusken beide is ferskil:
de mêst fergiet sa sûnder mear;
al rûke deade beammen mof,
se wurkje ûndergrûns en stil
en jouwe ’t libben alle ear.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum