Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Earste rang

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2002

Image

De Capibara-skipper sjocht it wol,
mar hat gjin weet fan ’t âlde spul,
ferlike mei goed hûndert meter lang
is wat hy sjocht mar flauwe kul
en boppedat sit syn skip fol,
mar heger stekt it as it lege rom
fan fjouwer kear sa’n fjirtich ton,
grutskalich op ‘e earste rang.

De fjouwer skûtsjeskippers binne jong,
mar hawwe weet fan ’t âlde laach
dat wrotte dei en nacht in libben lang,
de skoat oan by in skrale flaach
mei ’t rom fol grûn of kowedong
en skûtsjesile foar de priis en rom
fan ’t kampioenskip, fjirtich ton
lytsskalich, mar wol op ‘e earste rang.

admin

Heil om seil

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2002

It giet der heil om seil om wei
as skûtsjes brûzje om te winnen
mei twa reven yn it seil,
in tongerklap en stiennen heil,
dan ha de skippers harren dei.

Image

Lit âlde skippers oan it wurd,
dan sprekke mûlen tûzen sinnen,
koart beskreaun yn ‘Heil om seil’,
it slacht deryn as stiennen heil,
ferhalen meitsje skippers grut.

De skipper* kroadet boeken oan,
sjoch him nei âlde skippers rinnen,
stoarjend nei har eigen seil,
sy seagen dêryn heger heil,
’t ferline spriek op grutske toan.

Image

* Anne Tjerkstra, ferklaaid
as âld-skipper Sytema, de Poep

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum