Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Fêste rollen

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2002

Image

De skûtsjes kleurje frijwat saai
ferlike mei de iepen boat
fan de kommisje,
wat te krijen hat op dizze dei
mei delfal op ‘e float.

Hoewol’t it ôffalt mei de striid,
krijt tafal hjoed gjin inkeld plak
fan de kommisje:
elk syn rol, mar alle eagen wiid,
bestjoere is in fak.

It Jouster skûtsje leit foaroan
mei skipper Peter* of mei Baint**?
Foar de kommisje
is it roer foar skippers as in troan,
dus Baint is mar feint.

* Peter Syperda wie opereard oan in hernia
** Baint Kramer wie syn ferfanger

admin

Pake Douwe

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2002

Image

Dêr stiet er, Snitser Douwe,
twa kear waard er kampioen
en is dit jier wer favoryt;
hy strielet, hat de slach al wûn
as skipper mei de koarte mouwen.

’t Mobyltsje joech de berte
troch fan Hetty, lytse pop,
foar skipper Douwe favoryt,
dêr kin gjin kampioen tsjinop,
ôf kamen alle skipperspetten.

Dêr stiet er, pake Douwe,
trije kear al kampioen,
de tredde is foar him altyd
en bliuwt de lytse Hetty sûn,
dan stjoert sy ek mei koarte mouwen.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum