Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Kening Willem III

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Nicolaas Pieneman*

Image

Foarst Willem noch yn fol ornaat,
de skonken rjocht, de skouders breed,
wat soe de takomst bringe?
Hy gie yn ’t ryk syn eigen paad,
hie mannich frommes wolris beet
en liet de noarmen samar springe.

De noarm wie foar de sljochte man,
in kening sprong dêr fleurich oer
en liet him sûnder jilde;
de fraach ‘wat fynt jo frou derfan’
wie foar de foarst as mâle moer,
hy jage op syn eigen fjilden.

De grûnwet stie er wankel op,
in foarst kaam oer as hurde rots,
dêr koe it folk op rinne;
syn eigen wet rôp meastal stop,
hy hat faak mei de grûnwet botst…
koe kening Willem him fersinne?

In kening mei it aard fan aap,
gorilla mei it kwea yn ’t sin,
sa gie er troch it libben;
hy hie in hekel oan de paap,
koe mei ’t soldatefolk mar min,
hat net de harmony neistribbe.

Wa’t by syn libben ’t folk ferliest
en trije soannen oan de dea,
sa’n foarst wit ek fan lijen;
as mei in dochter wer ferriist
it keningskip as earder nea,
dan kin it lân wer takomst krije.

* Nicolaas Pieneman (1809-1860)
Skilderij ‘Portret fan kening Willem III’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum