Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Suezkanaal

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Koe farao al dreame
oer wat graafwurk by de Nyl,
it wie der nea fan kommen,
gjin kanaal, sels net in myl,
lit dan de Nyl mar streame.

Milennia ferstrieken,
doe begûn in Ferdinand**,
Frânsk konsul yn Kaïro,
mei it hollegraafwurk, want
de tiid wie ryp, die bliken.

It graven mei de skeppe
wie mei blierren net besjoen,
it wurk wie ek leabrekkend;
wat as hollewurk begûn,
kaam klear nei jierren skreppen.

Wa lei dan noch te sliepen
doe’t it graafwurk rekke klear
en dreamen koene streame?
Nije farao’s de ear,
sy foeren ‘Suez’ iepen.

Image

* Yllustraasje ‘Iepening fan it Suezkanaal’ (1869)

** Ferdinand de Lesseps

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum