Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Stroom

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

As boppe Snitser mar en Houkesleat
it maitiidsblau begjint te strielen,
is gjin hertsear dat de stream noch keart,
de ieren troch is ’t bloed te fielen.

De stream fan ’t wetter fiert it skipsfolk mei
nei bûlevaren om te lizzen,
wylst de stêd lûkt harren derby wei,
de nacht hat ek noch wat te sizzen.

En as de holle op it kessen leit,
jout ek it bloed him del en streame
bylden oer de bûlevaar, ferklaait
de Houkesleat him yn de dreamen.

Hy kaam foar ’t sliepend folk al ier op stoom
en leit op knibbels, dat wer rinne
sil wêr’t elk ferlet fan hat, de stroom,
wat kin men sûnder him begjinne?

Image

admin

Dize

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De dize doarme noch oer ’t grien,
de walen nei in kâlde nacht,
wylst boppe streken ien foar ien
keunstmjittich rûnen oer it blau.

Gjin hoeder hold oer har de wacht,
se leine rêstich by it stek,
de tsjokke rokken noch fol dau,
de moarntiid like net sa gek.

Image

De dize fan de wiffe sliep
bewuolle bylden yn de kop
mei tinten tusken blau en grien,
natuerhâldfêst fan fjouwer skiep.

Hy kaam yn byld en sûnder stop
gie ’t op it grize roaster ta,
de dize fan les ien foar ien,
ast fjirtjin bist, dan giet it sa.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum