Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Losse

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It wie de mist dy’t my swier lade
op ‘e oergong fan de tiid,
beheind wat earder wie noch wiid,
klomsk kaam ik oan de kade.

Ik kuerde, mar ik seach gjin fierte
doe’t in skip foer troch ’t kanaal,
te swier, tocht ik, foar ’t each fataal,
de mist soe it wol witte.

De beide radarwjukken draaiden
wylst de spinnekop stie stil,
it wie te mistich foar de wil
fan hjerstwyn, wjuk en reiden.

Doe, stadichoan begûn ‘k te lossen,
riisde mei de sinne ’t moed,
it wetter tilde mei syn gloed
de kym, dy lading passe.

Image

admin

Kamûflaazje

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It reid begûn beskieden
yn de maitiid neffens de natoer,
kaam amper boppe ’t meanfjild út,
it joech him oan it deiljocht oer
en liet him it seizoen troch liede.

Image

Op ljochtskyndei feroare
’t sicht troch mannich rjocht- en trijehoek,
de stêd kroep nei it meanfjild ta,
gjin hâlden oan, mar gjin gebrûk
yn ’t lânskip sokke smoarge spoaren.

It reid begûn te sieden
fan in grime ûnder syn natoer
en skeat fier boppe ’t meanfjild út,
it sloech sa twa seizoenen oer
om kamûflaazje oan te bieden.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum