Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Mobyl

Polityk
PDF Print E-mail
Wat is mobiler as de ljip,
ús Frysk ikoan yn dûkelflecht
dy’t maitiids loftshowt as wie’t echt
en binne aaien fûn of út,
dan makket er yn styl in trip.

De finer fynt himsels mobyl
as hy mei pet op ’t lân yn set
en wolris draait om wurd en wet;
stjit hy op ’t broedsje ta beslút,
dan telt er mei as ljippofyl.

Yn ’t suden reitsje se mobyl
as har ikoan is op ‘e trek,
in byld dat knalt har knettergek;
wannear’t de hagel rekket bút,
dan wurde sjitters gastrofyl.

Net ien of neat is sa mobyl
as ’t scoren fan it hege tal,
hiel oars as ‘k ha myn pet hjoed fol,
’t mobyltsje stjoert de aaishow út,
dat ljippo- wurdt ek digifyl.

Image

admin

I have a megadream

Polityk
PDF Print E-mail
Hoefolle dreamen binne brutsen
yn de ieuwenlange slavernij
oant ien dream syn miljoenen lutsen
hat nei swart en blank gelyk en frij.
‘I have a dream!’ waard doe in yell
en ieuwen seagen op ‘e kening del.

Hoefolle dreamen ha it helle
yn de ieu fan Alvestêdenocht,
mar ien dream kin ’t ferhaal fertelle
fan de wurden foar de megatocht.
Kroeskening spriek op hege toan
foar alve mikrofoanen: ‘It giet oan!’

Hoefolle dreamen hawwe sprutsen
yn it jier fan kening Jorritsma
oant ien dream ’t Fryske bomiis brutsen
hat, want sa woe hy de motto’s ha:
‘I have a megadream, ’t giet oan,
’t sil heve, mar wannear, miskien wol moarn.’

Image

Sjoch ek by de rubryk Polityk De finger fan John

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum