Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Harkfink

Keunst
PDF Print E-mail
fan Nicolaes Maes*

Image

Tusken rjochte streken, rûne bôgen
spilet him it hertnijs ôf
dat mei in gloede lôget,
twa kear brânt it, yn in frou.

Harkfink hat har hege stoel ferlitten,
smachtet net mear nei in toast,
woe fan de leafde witte
tusken Roaske en har Joast.

Boppe Harkfink hinget de goadinne
Juno fan it houliksbêd,
dus glûp der súntsjes hinne,
nea fan tuteboartsjen sêd.

Joast syn reade mantel, hoed en sabel
bylkje ûnder ierdryks kaart,
dus liket er kapabel,
foar in bleate tút paraat.

Hiel de kontekst bringt in toast as teken
op it hertnijs fan de frou,
perfoarst, it binne streken,
bôgjend op it brekken ôf.

* Nicoleas Maes (1634-1693)
waard berne yn Dordrecht,
wie learling fan Rembrandt
en wurdt wol skilder fan de
arsjitektuer neamd.


admin

Famke mei pearel

Keunst
PDF Print E-mail
fan Johannes Vermeer*

Image

Hongst by de bakker yn de hûs,
wiest lykwols net syn dochter,
tsjinnest wol as ûnderpân,
omdat dyn makker kocht dêr
syn brea mei inkeld yn de hân
dyn skientme by de rûs.

Do sneinske pearel yn blaugiel,
wjerkeatst de hoare stilte,
wylst dyn antlit sjongt yn ’t koar
fan binnen: stille wille;
dyn stimmich glimke klinkt sonoar
út djipte fan de siel.

It noarderljocht, de melody,
dy’t kleuren jout har wearde,
stimt dyn sjongen klear yn mei
en ’t foarmspul dat dy learde
it ritme fan de sânde dei,
beweecht as dûns mei dy.

* Johannes Vermeer (1632-1675)
wie in skilder fan it ljocht.
Hy libbe mei syn húshâlding
(njoggen bern) yn earmoede.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum