Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Stiensnije

Keunst
PDF Print E-mail
fan Jan Steen*

Image

Myn namme seit it al,
ik ha wat mei in stien
en stean sels op it skilderij,
want stiennen spylje hjir in rol,
de boer hat dêryn dien.

Wa’t stiennen hat, is dom,
dat wit dochs elkenien,
mar sjoch, de boer koe der net by;
sa moat wat rjocht komt, earst mar krom
en dript der mannich trien.

Sekuer snijt de barbier
de stiennen ien foar ien
dy’t komme by de jonge wei;
it wyfke heint se wis… en wier,
de boer hat it trochstien.

Sa wier as ik Steen hjit,
ik ha wat mei dy boer
dy’t hjir sawat oan gruzels lei,
mar sa’t it laitsjend folk wol wit,
syn dommens is net oer.

* Jan Steen (1626-1679), berne yn Leiden,
wie in serieuze man, dy’t de minsken
skerp observearre en sa op doek werjoech
dat de karakters en gefoelens ôf te lêzen binne.

admin

Strân

Keunst
PDF Print E-mail
fan Adriaan van de Velde*

Image

As beuker hied er al it each
op wat syn hân him frege om te dwaan,
in boer, boerinne yn it fjild;
hy kleure yn it bedstee wat er seach,
dat wie de keunst fan Adriaan.

Gjin boer seach hy as ideaal,
want gers is grien, hat net de glâns fan goud
en weagen rôlje net oer ’t fjild;
de see fertelt in oar ferhaal,
oan Adriaan wol tafertroud.

Syn each foel op it gouden ljocht
fan strân en wolken as wie ’t op in snein
nei tsjerktiid foar de fiskershut;
dit fjild hat hjoed idylle brocht,
troch Adriaan op linnen lein.

Mar wêr’t de kym de loft opsmyt,
ferbrekt de wyn it spul fan goud en glâns,
dêr wurdt de striid fan fiskers hurd;
dit skomjend fjild fan weagen biedt
oan Adriaan in nije kâns.

* Adriaan van de Velde (1636-1672)
wie de soan fan seeskilder Willem van de Velde.
Hy krige yn Haarlem de oplieding yn de
lânskipsskilderkeunst.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum