Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Herberch-sêne

Keunst
PDF Print E-mail
fan Frans van Mieris*

Image

Wat kin in herberch noch mear skinke
út ‘e kanne as har reade wyn
fan fol ûnthjit foar yn de jûn:
fertier dêr’t gasten heech op drinke,
want it deistich libben is mar skyn.

Hy leit dêr útteld mei de holle
op it hout, foar him is gjin ferwin,
syn sinten hat er har al jûn;
sy skonk mar ta, ’t waard him tefolle,
dat syn selskip wie foar har te min.

No skinkt se yn syn hege romer
kleare wyn mei kromkes erotyk,
in knypeach hat er har al jûn;
de hertslach rêd, de earmslach lomer,
mar fan beide is de toan gelyk.

De herberch spilet mei de winken
fan de hûnen en it pearke mei
yn ’t spul fan lûkend nei de jûn:
‘Lit ús der noch mar ien op drinke.’
Boppe wiist it bêdeguod de wei.

* Frans van Mieris (1635-1681)
stie bekend om syn fêste komposysje
en fine pinseelfiering.
De sêne yn de herberch is fol fan
ferburgen symbolyk.

admin

Sinsûndergong boppe moeras

Keunst
PDF Print E-mail
fan Savrasov*

Image

Ruslâns lânskip dat gjin grinzen ken
as inkeld kimen dy’t ferskowe
troch it einleas rinnen, min te sjen
de spoaren dy’t derûnder stowe.

Wurdt de sinne wei yn it moeras,
dan bliuwe oer de reade spoaren
bloed fan blierren, wylst de brobbels gas
de azem wie fan koart tefoaren.

Dan de Fryske klaai dy’t ûnderweis
de opgong spegelet fan de sinne,
dêr’t in rjochthoek mais riist simmerdeis
en skonken einleas rinne kinne.

Image

* Savrasov (1830-1897) wie in Russyske skilder
dy’t oan de Skoalle foar de Keunsten yn Moskou
lesjoech yn de lânskipsskilderkeunst.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum