Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Wat libjen is

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It kin wer los, dus lit de skroef mar draaie,
libje is itselde as ‘ik far’,
elk brûzet nei de Snitser mar,
‘ik syl’, dus lit it ek mar waaie.

Wat libbet yn de grêften moat him rêde
mei wat deade snilen foar in nêst,
‘ik libje’, gun dus my gjin rêst,
der tuskentroch wurd ik betrêde.

Dat rustfrijstielen trepke kin ik sûnder,
springe doch ik mei de wjuk en poat,
dan stean ik samar op ‘e boat,
foar ’t lizzen is dit plak in wûnder.

It kin wer los, dus lit de lisdriuw draaie,
libje is itselde as ‘ik bried’,
‘ik far’ is wer it âlde liet,
it nije libben komt út aaien.

admin

Resjersjesaak

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It koe net oars, ’t wie goed foar ûndersyk
wat lei der as in gaos hinne,
gjin resjersjesaak gelyk,
dus ’t soe fan alles wêze kinne.

Omdat it spoarde mei it strjittespoar,
hie ’t troch it stjitblok rôlje kinnen,
mei de âlde sik as boar,
sadat de fytsen plat gien binne.

’t Koe lizze oan it missen fan in sein,
de masinist wie faaks ferbline,
dêr is alles net mei sein,
der kin in twadde ljocht op skine.

’t Is nachtblyn folk dat oer it izer rint
en rekket ’t paad nei hûs ta bjuster,
foar de fyts in goede hint:
doch ’t ljocht mar op yn ’t neare tsjuster.

It ûndersyk jout no de rjochting oan:
lit ús in hûntsje adoptearje,
’t liket foar de fytsen skoan:
de blinen sille net skansearje.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum