Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Wetterdreamen

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It is foar mannichien de wetterdream
dy’t nei de oare wâl ta lûkt:
it batsen troch de weagen
of it driuwen op ‘e stream,
it is mar wat men dêrfoar brûkt.

Wês wolkom op it skip ‘Salvinia’,
wy strike salve op jim hûd
en drippe yn de eagen
bylden fan net oars, mar sa
foldocht de hiele kloft it goed.

Stap mar oan board en smyt de touwen los,
earst achterút, dus pak de kloet,
do hoechst net yn de beage,
want de motor komt fan pas
en draait op nostalgy wol goed.

Image

admin

Klimaatferskil

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De tropen fiere rykdom oan
fan beide: folk en altyd grien,
gjin stam hat sûnder waarmte stien,
in lúkse cruise is as in kroan.

Fan sa’n ‘Karibyske prinses’
giet waarmte út, sy strielet as
de sinne, ’t libbet derop los,
de groei hat gjin ferlet fan les.

’t Is oars mei dûmny Bogerman,
de teolooch mei ’t lange burd:
dy hold him oan it steile wurd,
in Snitser skoalle draacht syn fan.

Gjin waarmte strielet yn ’t klimaat
fan sûndefal, út is de dream,
mar Joazefs mantel om de beam
jout kleur oan syn swiermoedich aard.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum