Willem Tjerkstra’s thússide
admin

De fal fan Icarus

Keunst
PDF Print E-mail
fan Pieter Brueghel*

Image

In ramp is gau fergetten,
’t wetter spat mar efkes op,
in finzenis hat dikke muorren,
smoart de klap en martelrop,
want soks past yn de ierdske wetten.

Se sieten beide finzen,
heit en soan op Kreta’s strân,
doe makke Daedalus fan fearren
wjukken, ien oan elke hân
fan Icarus, hy koe oer grinzen.

De soan fleach nei de sinne
tsjin de wize rie fan heit,
sadat de waaks begûn te rinnen,
’t wjukleas fleanen waard in feit
en frijheid wie net mear te winnen.

It wetter hat wol spatten,
mar de boer, hy ploeget troch
en hoeders passe op ‘e bisten,
bolle seilen lûke doch?
Noch efkes blinkt in skym fan fuotten.

* Pieter Brueghel (sirka 1525-1569)
brocht siswizen yn byld, ûnder oare
‘hoogmoed komt voor de val’.
Hy hat foar dizze siswize de myte
fan Daedalus en Icarus brûkt.

admin

Alvemarretocht

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Kin in moarn noch moaier wêze
as it blomte wekker wurdt?
De krûden piipje ’t wite liet,
rûnom is ’t bûtermerk te lêzen,
wylst in frommes mei de flagge stiet.

Mei har kleuren lit se witte
dat se ’t foar de maitiid docht
sa ier en strieljend yn de moarn,
se kin har mei de blommen mjitte,
mar de flagge falt wol út ‘e toan.

Dan beweecht se beide earmen
wylst it read him no bewiist
foar fytsers boppe ’t bûgde stjoer.
Wa hat noch each foar kleur yn bermen?
Yn de fierte wankt de Jouster toer.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum