Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Foar en achter

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

Men sjocht de wetterfal fan foaren:
sulver tusken kleuren grien
fan withoefolle spjirren,
as wie it yn it park foar altyd kryst,
men heart it lûd hjir fan tal koaren.

Mar achter in tal wetterfallen
rint in paad foar moedich folk
om tichterby te kommen,
hjir hat it sicht neat mear fan kryst,
fan ’t razen krijt men pineholle.

Yn State Park sjocht men ’t wetter fallen,
heart men ’t razen fan de stream,
yntins sil men belibje
wat nei it boppe-ierdske lânskip wiist…
wat soe men dan noch winskje wolle?

* Foto ‘Sulver Falls State Park’
 


admin

Babbe en har ûle

Keunst

fan Frans Hals*

Sjedêr de âlde ûle,
strieljend wiisheid út
op Babbes rûne rêch…
is sy wol op ’e doele?

It giet dan om de mûle
dêr’t de wiisheid út-
noch ynkomt, wol de drank…
is sy dan op ’e doele?

Sy laket faak, want gûle
leit net yn har aard,
har lûd giet op en del…
is sy dan op ’e doele?

Sy hâldt it mei har ûle,
like wiis is sy
mei him as hy mei har…
dat is wat sy bedoele.

* Frans Hals (sirka 1580-1666)
Skilderij ‘Mâle Babbe’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum