Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Yndonesië

Skiednisbylden

fan August Allebé*
fan ûnbekend**


It skitterjende ryk
fan Insulinde
dat him slingeret
rûnom de evener
lykas in gurle
fan smaragd.

Wa is oan him gelyk
dy’t skreau dy wurden
op, rjocht út it hert?
Lit Multatuli stean
foar griene frijheid,
griene pracht.

Soe dan de steat fan slyk
tsjin frijheid fjochtsje
út in let ferlet?
Lit Yndonesië
syn ego gunne
dei en nacht.

It skitterjende ryk,
dat yn de sinne
pronket, hat it ret
om foar himsels te gean,
wiis mei de gurle
fan smaragd.

* August Allebé (1838-1927)
Lito ‘Multatuli’

** Foto ‘Natuer yn Yndonesië’

admin

Sterke wurden

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Daniël

Ik, Daniël, wie stomferheard,
brocht sels gjin inkeld wurd mear út,
mar hearde wol de wurden fan
de man yn ’t kleed fan kostber linnen,
wurden as by tongerslach;
bûten westen rekke ik dêrtroch,
ik lei mei ’t antlit op ’e grûn,
op slach waard ik troch syn hân wach.

‘Heechachte Daniël,’ sa spriek
de man my oan, ‘wês net benaud,
dyn wurden ha my by dy brocht
om tsjin de foarst fan Perzië te
striden… mei foarst Michael;
wês net bang, mar sterk en nochris sterk,
ik ha in boadskip foar dyn folk,
dy tiding lis ik by dy del.’

Sterk fielde ik my troch syn wurd
en harke nei wat hy noch sei
oer twa kear striid, earst tsjin de foarst
fan Perzië, dan fan de Griken:
‘Daniël, dy striid wurdt hurd!’

* Ikoan ‘Daniël’


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum