december 16, 2022
fan ûnbekend*
Lit Rainier syn gong mar gean,
mar wat syn gong is, wa sil ’t sizze?
Klimme soe in opsje wêze,
kleuren sprekke him ek oan,
hy sjocht de berch as syn ikoan.
Lit Rainier as skilder stean
mei syn palet en kwast yn hannen
om it lânskip fêst te lizzen
fan de boskbei oant de snie,
sa’t de natoer al iuwen wie.
Berch Rainier hat kânsen bean
oan syn Rainier, deselde namme
bliuwt ferbûn oan berch en minske:
klimme mei in pracht palet,
gjin sprake fan in oar ferlet.
Foto ‘Mount Rainier yn de steat Washington’
december 9, 2022
fan ûnbekend*
De Grykske seelju koene mear
as sile oer de Middellânske See,
sy bouden muorren op ’e kust,
wat yn Dubrovnik resultearre,
stêd fan mear as ierdske sfear.
In Ierske skriuwer fan toaniel,
dy’t sunich mei syn kompliminten wie,
skreau oer de stêd as wie ’t in lust
foar eagen: himel op ’e ierde,
want Dubrovnik hie in siel.
De siel spriek tusken see en lân
oer seelju mei in each foar rûn en rjocht,
lykas de brâning op ’e kust,
wat resultearre yn Dubrovnik,
weach en stien yn hecht ferbân.
* Foto ‘Alde haven fan Dubrovnik’