december 9, 2022
fan ûnbekend*
De Grykske seelju koene mear
as sile oer de Middellânske See,
sy bouden muorren op ’e kust,
wat yn Dubrovnik resultearre,
stêd fan mear as ierdske sfear.
In Ierske skriuwer fan toaniel,
dy’t sunich mei syn kompliminten wie,
skreau oer de stêd as wie ’t in lust
foar eagen: himel op ’e ierde,
want Dubrovnik hie in siel.
De siel spriek tusken see en lân
oer seelju mei in each foar rûn en rjocht,
lykas de brâning op ’e kust,
wat resultearre yn Dubrovnik,
weach en stien yn hecht ferbân.
* Foto ‘Alde haven fan Dubrovnik’
december 2, 2022
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Malawimar, gigantysk grut,
in mar fol mei cichliden,
de iene is de oare net,
se binne der yn soarten,
bûn oan Darwins evolúsjewet.
De fisken kroepen út ’e mar
it lân op, krigen wjukken
en fleagen oer it griene gea,
se wiene der yn soarten,
letter rûnen bisten mei de lea.
Malawimar, gigantysk grut,
in mar mei rûnom bisten,
it âlde paradys allyk
mei withoefolle soarten…
neffens evolúsje Darwins ryk.
* Foto ‘Malawimar’
** Foto ‘Cichlide’