Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Wrâldbylden category

admin

Yn it lân fan Karst

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

Wat men sjocht, is in ferskynsel
fan wat út ’e hichte komt,
mar tagelyk ek djipper wei:
it wetter hearsket as in foarst
oer kalk en plant yn ’t lân fan Karst.

Karst as namme foar it lânskip
en foar wat dêrûnder leit:
de grotten yn in kleurich ljocht,
dêr’t kalkstien dript yn ’t wetter mei
en bout oan pylders nacht en dei.

Op ’t fûnemint fan pylders
rize tal fan tuorren op,
beskildere mei suver grien;
it wennet prachtich yn it lân
fan Karst, de foarst hâldt it yn stân.

Foto ‘Regio Guangxi’

admin

Brutsen wite oaljefant

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

Hy krûpt út see wei
as in wite oaljefant,
de rots dy’t troch de tiden
hinne boppe wetter stekt…
komt hy nea oan de kant?

Hy hat al striden
mei de see sûnt it begjin
as rots, dy’t neat ferlieze
woe, mar doe kaam foar it ljocht
de oaljefant: ‘Ik bin…

… op ierde kommen
troch de see, in byld dat slyt,
want ik ha neat te kiezen,
kom nea tichter by de kant,
myn kleur is brutsen wyt.’

* Foto ‘By it La Celvia-strân’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum