februari 10, 2023
fan ûnbekend*
Mar ien kear yn it jier
sjit de ljochtstriel oer it wetter,
tsien novimber is de dei;
hoewol’t de fjoertoer oars net wurket,
ropt de striel no al gefoelens op
oer seisentritich deaden op dy dei.
De stoarm wie mear as swier,
jage oer de Grutte Marren,
foel in tritich skippen oan
en fierde seelju nei de djipte
nei’t gefoelens sprieken earder op,
dy kamen lykwols by de kust net oan.
It ljocht wie net foar sier
nei’t de toer op rotsen boud wie,
mar it wiisde trou de wei,
soe letter oer de ramp fertelle,
rôp dêrmei elk jier gefoelens op,
om’t seisentritich seelju rekken wei.
* Foto ‘Split Rock Fjoertoer’
februari 3, 2023
fan ûnbekend*
Bysûnder útsicht op ’e hichten,
op ’e lichte ek, mei in rivier
dy’t op ’e Ryn útkomt;
wa’t hjir wenne ha, de iuwen troch,
kamen foar ’t kastiel yn ’t spier.
Boud waard der troch de iuwen hinne,
elke generaasje hie in styl
dy’t paste by de tiid;
wa’t hjir wenne ha, dy libje noch,
komme troch de bou yn byld.
Bysûnder útsicht op ’e skiednis,
net allinnich op ferskil yn bou,
mar ek op ’t warber folk;
wa’t hjir wenne ha, dy libje troch,
bliuwe oan har boustyl trou.
* Foto ‘Boarch Bürresheim yn Rynlân-Palts’