maart 29, 2024
fan ûnbekend*
Tusken dea en libben rint de kleau,
te djip om oer te kommen
yn Marokko, Israel
of wêr dan ek op ierde,
fan it krús klinkt noch de skreau.
Tusken de oaze en woestyn
riist op de stêd fan minsken
yn Europa, Azië
of wêr dan ek op ierde,
harkjend al is ’t lang ferlyn.
Troch de iuwen hinne rint de kleau,
de dea hat sels bern nommen
dy’t omkamen yn de striid
yn Oekraïne, Gaza,
Jemen, oeral klinkt de skreau.
Foto ‘Tinghir, in oazestêd yn Marokko’
maart 22, 2024
fan ûnbekend*
Wa soe net lokkich wurde
by it útsicht oer de Lucky Bay
en fierder oer de oseaan?
James Cook waard lokkich doe’t er seach
de kusten fan Australië,
hy soe foar Ingelân syn slach dêr slaan.
Wêr’t blanken lokkich binne
mei it útsicht op de Lucky Bay,
lit ek de kangeroe him sjen
en bloeit folop de banksia
op flakten achter strân en dún,
mar gie sûnt Cook’s ûntdekking neat ferlern?
Want lokkich waard de takomst
net foar Aboriginals,
sy rekken har tradysje kwyt;
wylst blanken hiene jild op ’t each,
ferlearen sy it sicht op wei
nei har identiteit, it âlde liet.
* Foto ‘Lucky Bay by Australië’