mei 10, 2024
fan ûnbekend*
Ponte dei Salti,
brêge om te springen,
namme om derfoar te gean:
in dûk yn ’t wetter fan smaragd
of leaver sweve as in earn.
Ponte dei Salti
mei de heale ringen,
mear as trijehûndert jier
al âld, foar Switserlân in pracht,
is net allinnich foar de sier.
Ponte dei Salti
om lju oer te bringen
boppe wetter suver grien,
dat lûkt de springer yn syn jacht
op rom, it leafste nûmer ien.
* Foto ‘Ponte dei Salti yn Switserlân’
mei 3, 2024
fan ûnbekend*
It folk fan Azenhas do Mar
wist wis wol wêr’t it bouwe koe:
heech op ’e rots tichtby it wetter,
mei útsicht op ’e oseaan,
it wie in boppeslach.
Dêrboppe waarden molen boud,
dêr’t wyn de wjukken draaie liet,
mar boppedat it sâlte wetter,
dat krêft hie om dy slach te slaan
foar Azenhas do Mar.
De namme ‘Azenhas do Mar’
is ‘Wettermolen fan de see’,
mei wyn en wetter kin ’t net better
sa’n namme oan de stêd te jaan,
al wer in boppeslach.
* Foto ‘Azenhas do Mar’