Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Broerke, kom!

Skiednisbylden

fan ûnbekend*

Lit folken libje as twa bruorren,
wa’t de âldste is, seit neat
oer hoe’t de grinzen rinne,
want sy rinne sels tegearre op,
gjin grins dy’t harren keart.

Twa folken koene sa net rinne,
’t gong dan op ’e kop ferkeard,
Japan rûn oer de grins fan
Sina, haat sloech doe foar master op,
dy sei oer bruorskip neat.

Shanghai seach ’t needlot kommen
troch de loft en bom nei bom
ferneatige de grinzen
fan ’t gewisse, ’t hold net earder op
as dat in bern rôp: ‘Kom!’

Syn broerke koe net komme,
rekke ûnder stien nei stien,
it gie oer alle grinzen
hinne, ’t roppen hold úteinlik op,
der gûlde noch mar ien.

* Foto ‘Nei it bombardemint
op it stasjon fan Shanghai’

admin

Misfoarme libben

Skiednisbylden

fan Francis Bacon*

De kriich rûn stadich nei de ein
en hie misfoarme hiel it libben
fan miljoenen, swij dan oer de dea
fan bern fermoarde yn de kampen,
har bestean is meunsterlik ferslein.

De meunsters laken by it krús,
dat wie teminsten de bedoeling,
mar se hawwe oan harsels genôch
om by te dragen oan de rampen,
sels de bernejiske kaam net thús.

It krús kaam foar har net yn byld,
want meunsters hawwe gjin begrutsjen,
sels net mei it lijen fan de bern
dy’t stikke yn de oarlochsdampen…
hawwe sy de lêste siken field?

De meunsters bliuwe yn byld stean
as teken fan in wrede oarloch,
dy’t misfoarmet wat net deade is,
gesichten dy’t fan smert ferkrampe,
wa kin dan noch foar ûntspanning gean?

* Francis Bacon (1909-1992)
Skilderij ‘Trije stúdzjes fan figueren
as basis foar de krusiging’


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum