Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

It hert derút

Skiednisbylden

fan Ossip Zadkine*

De hannen heech,
de polzen brutsen,
de holle skean
foar noch ien tút,
de skonken bryk,
it hert derút.

Hat Rotterdam
de oandacht lutsen
fan Israel?
Dan wie ’t beslút
net nommen, no
is ’t hert derút.

It hert fan troch
de iuwen hinne,
it kloppe troch,
mar no is ’t út:
Jahweh ropt net,
’t hert is derút.

Wa’t herten brekt,
sil ’t pleit net winne,
sjoch hoe’t de mem
jout noch ien tút
oan ’t deade bern,
sy gûlt it út.

* Ossip Zadkine (1888-1967)
Byld ‘De ferwoaste stêd’


admin

Sprekkende wierheid

Skiednisbylden

fan ûnbekend*

De loop is rjochte op ’e fijân
sûnder dat er him sjen lit
mei syn gesicht nei it geweld:
gefoelens telle net yn fjoer
en reek… wa’t wint, giet troch foar held.

Troch giet it fan de iene nei de
oare, fan Koréa út
nei Gaza, oeral op ’e wrâld
brânt hillich of ûnhillich fjoer,
in bernelyk lit lieders kâld.

Kâld lykwols bliuwe net soldaten
dy’t ferlieze maat nei maat,
fan wa’t de nammen op papier
skreaun wurde, sels ûnhillich fjoer
ferskroeit net ien, sy stean foar wier.

Wa’t net mear stean kin, sprekt de wierheid
swijend út, de oare sit
mei hannen om him hinne slein,
dy’t treastend sprekke nei it fjoer,
foar mannich maat wie dat de ein.

* Foto’s út ’e oarloch yn Koréa 




Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum