mei 10, 2025
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
It bleate each kin fierder sjen
as ’t paad dat nei de fierte liedt,
mar sjocht net fierder as de kym,
dêr’t stjerren boppe komme
yn de nacht, it slacht it acht.
It each wol folle fierder sjen
en freget om in ynstrumint
dat yn it universum kringt,
it sicht wurdt sa ferromme:
stjerren strielje yn de nacht.
De spegel fan de teleskoop
fan Hale wie folle grutter as
wat ynstrumint dêrfoar dan ek,
syn each soe fierder komme,
mar sloech hy de himel acht?
Nea seach er troch de teleskoop
dy’t hy sa grut ûntwurpen hie,
syn eagen wiene earder ticht,
de kâns waard him ûntnommen
om te eagjen yn de nacht.
* Foto ‘Palomar-observatoarium’
** Foto ‘Teleskoop fan George Ellery Hale’
april 28, 2025
fan ûnbekend*
Mei roeien in Olympysk kampioen
en letter wie er bernedokter,
roeide tsjin de streaming yn
fan fier de bern mei hurde hân
de maatskippij yn, gjin gegryn!
As Benjamin hat hy it foarbyld jûn:
de jongste hat de leafde nedich
fan de âlders, mar ek bern
dy’t âlder binne ha ferlet
fan eagen om har oan te sjen.
Want wa’t it bern oansjocht, slút in ferbûn
om leafdefol him grut te bringen,
dat er as persoanlikheid
de maatskippij in tsjinst bewiist,
gefoel rint lykop mei it feit.
In feit wie dat de maatskippij him bûn
oan hanneljen mei sloppe hannen,
nedich is in hurde hân,
want dat bewiist de oarloch
yn Vietnam, sa’n slach bringt wat ta stân!
* Foto ‘Benjamin Spock mei pakesizzer’