Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Mustafa’s swarte sjaal

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Jan Matejko*

Grutfizier yn ’t Ottomaanske ryk,
dat wie Mustafa, in grut strateech,
dat oan de sultan hast gelyk,
hy hold de Turkske eare heech.

Earst nei Wenen wie de strategy,
dêrnei fierder op Europa oan,
gjin macht dy’t Mustafa wjerstie:
de sultan op ‘e Frânske troan.

Grut wie ’t leger, amper te oersjen,
mei de Janitsaren yn de striid,
dat Wenen like al ferlern,
de Turkske rom gie wiid en siid.

Image

Krekt op tiid kaam doe de Poalske foarst
Jan Sobieski op ‘e poarten oan,
foar Wenen wie it sa’t it moast,
gjin wiksel op ‘e Frânske troan.

Mustafa, ferneamd as grutfizier,
kriich in pakje mei in swarte sjaal,
de stroppe, sultans kleare taal,
dy strategy wie stjerrend wier.

* Jan Matejko (1838-1893)
Skilderij ‘Jan Sobieski as oerwinner
foar de poarten fan Wenen’

admin

Joost van den Vondel

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Philip de Koninck*

Image

Hier leit Vondel zonder rouw,
hy is gestorven van de kouw.

Heech op jierren is hy stoarn,
fan kjeld, sa’t er noch dichte,
noed koe hy yn ’t wiffe libben oan,
it rekke trije kear syn heitehert,
as dichter gie it nei de hichte.

Flechtsje moast er as mennist
en om’t hy flymskerp dichte
oer de polityk, in saak fan list,
wat rekke syn gewisse yn it hert,
it hat as dichter him ferplichte.

Trije bern brocht hy op ’t hôf,
wat delsloech yn gedichten:
ivich libben riisde út it stof,
der wie gjin better balsem foar it hert,
hy kaam dêrtroch wer út ‘e lichte.

Sidekeapman waard suppoast,
sa giet it nei de lichte,
ek troch soargen om syn soan, want Joast
woe net om lyk, waard lyk, sa briek it hert
fan heit, hy hat lykwols noch dichte.

Image

* Philip de Koninck (1619-1688)
Skilderij ‘Joost van den Vondel’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum