Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Kenau

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Charles Rochussen*

Kenau Simonsdochter Hasselaar,
in flinke frou fan Frysk komôf,
de widdo fan in boatebouwer,
foer nei Haarlem, waard dêr sakefrou,
stie muorrefêst yn grut gefaar.

Image

Haarlem seach de Spanjaard, man en macht,
yn oantocht, liet de klokken slaan,
mei man en frou gie ’t nei de muorre,
Kenau stie dêr om befel te jaan
oan froulju yn har eigen dracht.

Kenau, myte fan de hellefeech,
de werklikheid joech har it plak
fan fûle barrikadeboufrou…
of se smiet mei pannen fan it dak,
sa stie se muorrefêst en heech.

Simonsdochter, hannelsfrou yn hout,
foer letter nei it noarden ta
en foel yn hannen fan piraten,
gjin begrutsjen woe dy fijân ha:
se waard de weagen tafertroud.

* Charles Rochussen (1814-1894)
Skilderij ‘It belis fan Haarlem’

admin

Willem van Oranje

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Anthonis Mor van Dashorst*
fan Jozef Israëls**
Image

Hy wie in ealman mei Dútsk bloed
en tsjinne God as lutheraan,
striidfeardich stie er foar it libben
oer, mar wist fan slaan noch jaan,
syn takomst like lykwols goed.

Fan ealman soed er wurde prins
en tagelyk ek katolyk,
want sa woe ha it gea Oranje;
wie net God syn folk gelyk…
genede gie oer elke grins.

Hy wist troch ’t libben al fan jaan
en joech de kening rjochte rie,
dat Karel wie oer him te sprekken,
ek syn soan Filips foldie
de rie, al waard it letter slaan.

Fan adviseur waard hy rebel
en tagelyk ek kalvinist
fanwege swiere roomske sanksjes,
sei yn ’t iepenbier: ‘Sa is ’t,
de boarger is net mear yn tel.’

Image

* Anthonis Mor van Dashorst (1516-1575)
Skilderij ‘Portret fan Willem I van Nassau’

* Jozef Israëls (1824-1911)
Skilderij ‘Willem van Oranje yn de Rie
by lânfâdes Margareta van Parma’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum