Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Maksimaal

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Bernard Strigel*

Image

Sjoch, keizer Maximiliaan
yn reade dracht en eal fan bloed,
yn ’t ryk de alderheechste baan,
wat strielet ôf fan hân en hoed.

Hjir stiet de man mei yn de hân
it perkamint mei Habsburchs wurd,
fier rinne grinzen fan it lân,
de keizer giet as God oer grut.

Der hinget foar it boarst it flues
fan ’t netwurk, byld fan riddermacht,
dit folk fielt hy him wol by thús,
slacht adekwaat op status acht.

De keizer keart de rêch ús ta
en eaget ta it finster út,
hy glimket, sa wol hy it ha:
fan east nei west, fan noard nei súd.

* Bernard Strigel (1460-1528)
Skilderij ‘Keizer Maximiliaan I’

admin

Erasmus

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Hans Holbein de Jongere*

In reizger kin de wrâld fertelle
oan wa’t foar de fierte iepenstiet,
dy’t fan alle kanten wiisheid biedt,
as hie de lêzer sels dy helle.

Image

Erasmus gie oer tal fan grinzen,
iepen foar de wiisheid fan it folk,
foar de wissichheid mei mes en dolk,
hy koe gjin grinzen yn syn tinzen.

De reizger-muonts begûn beskieden,
mar wie sichtber as it wêze moast,
liet him sjen oan filosoof en foarst
om djipte yn ’t bestean te bieden.

Hy waard ûntslein fan muonts te wêzen,
hie nêst wiisheid fan himsels ferlet,
kaam dus mear as ien kear op ’t portret,
sa koe it folk him dûbel lêze.

Image

* Hans Holbein de Jongere (sirka 1497-1543)
Skilderij ‘Portret fan Desiderius Erasmus’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum