Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Willem Lodewijk

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Michiel Jansz. van Mierevelt*
fan Pieter Feddes**

Image

Us Heit, dat is syn earenamme,
want bern hat Willem Lodewijk net hân,
wol hied er mei syn folk in hechte bân,
stie him net foar op ear of stamme.

Strateech, sa gie hy troch de lannen
fan eigen folk en ûnder fijâns macht,
hy sloech op Romes oarlochskennis acht,
wie heit, rjochtfeardich foar syn mannen.

Hy keas as frou in dochter fan Oranje,
as neef en nicht tegearre hie gjin doer:
in healjier, troch har dea wie ’t houlik oer,
gjin heit, in libben sûnder franje.

De striid gie troch, mear as in fearnsieu letter
wie ’t oer foar him, in staasje fan syn bern
rûn achter him, in heit gie doe ferlern
foar Fryslân, der wie amper better.

Image

* Michiel Jansz. van Mierevelt (1566-1641)
Skilderij ‘Portret fan Willem Lodewijk’

** Pieter Feddes (1586-1623)
Tekening ‘Begraffenis fan Willem Lodewijk’

admin

Twadde Willem van Oranje

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Gerrit van Honthorst*
fan Adriaen van Nieulandt**

Image

Noch jong, want amper fjirtjin jier
en dan al man fan in Marije
út Ingelân, ’t is stjerrend wier,
it gie foaral om macht te krijen.

Wat âlder al yn ’t striderspak
as twadde Willem van Oranje,
hy gie foar ’t militêre fak,
wie tsjin it fredespakt mei Spanje.

Hy wie in strange kalvinist,
koe katoliken net ferneare
en seach himsels as monarchist,
troch hiel de naasje heech fereare.

Gjin oarloch gie er út ‘e wei,
ek net dy tusken eigen stêden,
reginten koed er mar min mei,
tsjin Amsterdam hat hy ’t net rêden.

Image

Noch jong, doe kaam er oan de ein
fan wêr’t er libbenslang nei stribbe,
de pokken ha de wierheid sein,
Marije wachte op nij libben.

* Gerrit van Honthorst (1592-1656)
Skilderij ‘Willem II van Oranje’

** Adriaen van Nieulandt (1587-1658)
Skilderij ‘Allegory op ‘e fredestiid ûnder
steedhâlder Willem II’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum